Feangreide oanpak kin better
Kees Bakker jout hjir syn reaksje op de plannen oer de feangreide fan 4 novimber.
De feangreidefyzje is opsteld om de problemen yn it feangreidegebiet ûnder hannen te nimmen.Ynklink, oksidaasje ,CO2 útsjit, sâlt wurde fan de grûn, ferdroegjen fan grûn en ferearming fan bioferskaat binne problemen dy't dêr spylje. Om dizze problemen te beheinen moat de grûnwetterstân omheech nei gemiddeld 40 sm ûnder It meanfjild. Trochsnee hâld ek yn dat dit ek minder wêze kin en hjirmei kin de lânbou net út de fuotten.
In grûnwetterstân fan 60 sentimeter soe akseptabel wêze. Bij in grûnwetterstân fan 40 sm wurdt de besteande drainaazje totaal ûnbrûkber en is sa kapitaalferneatiging: wa betellet dat, en ek is noch net bewizen dat bij in hegere grûnwetterstân de útstjit fan co2 minder is. Hegere grûnwetterstân soarget ek foar mear fertichting fan de boppegrûn wat minder buffer jout yn wiete perioaden.
Haklam is in moaie gjalp mar bij in grûnwetterstân fan 40 sm kinne jo as boer neat mei, moai foar proeven en rapporten mar te riskant. De problemen yn de boppeste rigel binne in mienskiplik probleem en wurde no bij de boeren yn It fean gebiet yn de skuon trean.
30 jier lyn is der bij ús djipûntwettering kaam doe waard is in opbringstferheeging foarrekkene fan 400 gune de hektare no geane we mei in grûnwetterstân fan 40 sm wer werrom nei dy tiid en opbringsten wa betellet de skea? €200 per hektare en in fergoeding foar de drainaazjes dy’t net mear wurkje.
We moatte as Wetterkip der net in te grutte rol yn spylje ,It is in polityke opjefte de polityk is ferantwurdelik en net It wetterskip dy hat in útfierende taak.!! Yn de fyzje stiet ek dat er noch 1000 ha natuer en 2500 ha grûn bij moat dit wurd ek wer in finansjele ierlitting foar It Wetterskip. 3500 ha besjit 35 boeren minder en 350 banen minder. Foar de ekonomy fan Fryslân is dit plan net goed.
De ynstek fan LLB is dat in grûnwetterstân fan 60 sm de minste kosten bringt mei en soarget foar in leefber plattelân
Kees Bakker en kleindochter in de stal